Nynke Laverman - Sielesālt (1)
File Ūnder is net fys fan it oanboarjen fan neie (muzykale) merken. Sels net as dat yn in foar sawat nimmen te fersteane taal is. Nynke Laverman hat nammentlyk in cd mei frysktalige Fado opnommen. In fjouwertal jierren werom kaam de portugeeske Cristina Branco mei it ynisjatief in pear fan 'e gedichten fan J. Slauerhoff op fado-muzyk oer te setten, om't dizze oangeande it tema kreas oansletten by de tradysjonele ūnderwurpen fan'e fado's. It portugeeske projekt soe een ferfolg yn it Frysk krije moatte, fūn Nynke Laverman, dy't de oarspronklike gedichten fan Slauerhof (dy't, neist de protte reizen dy't hy as skipsarts makke, yn Ljouwert, mar ek yn Portugal wenne hat) yn it frysk op 'e muzyk fan Branco c.s. oerbrocht. Miskyn is it wat te maklik om de beide froulju meiinoar te fergelykjen, mar toch. It komt allegearre wat tichter by hūs, troch it Frysk fan Laverman, wylst de portugeeske ferskes wat ōfstān hālde. Guon dy't ek Cristina Branco kinne, krije mei Nynke in wat waarmer stimlūd. Ek foarmet har sjongen it ferske oars as yn de portugeeske fado, de muzykinstruminten fulje oan of aksentuearje allinnich. By Branco wurdt de melody mear oplein, de stimme wurdt meinommen troch de muzyk. Dat jouwt neat, Laverman docht it krekt goed sa. Spytich dat it ophāldt nei goed in heal oere, hja woene dat it langer duorre. Krekt dat langstme stiet sintraal by de fado-tradysje, it is eins wol komplementair...
File: Nynke Laverman - Sielesālt
File Under: It hoegt net fan fier te wźzen
File Audio: [Vida Triste]
